Ien griffier fan Fryske Marren

22 mrt 2012 - 16:15

De fúzjegemeenten Skarsterlân, Lemsterlân en Gaasterlân-Sleat ha in nije griffier foar de nije gemeente De Fryske Marren beneamd. It is de 45-jierrige Heleen van Dijk, dy't sûnt 2002 yn deselde funksje wurket yn Lemsterlân. Se sit ek yn it bestjoer fan de Feriening fan Fryske Gemeenten en is vice-foarsitter fan de Fryske kring fan griffiers.

Har beneaming wurdt definityf as de gemeenten fusearre binne. De weryndieling krijt op 1 jannewaris 2014 offisjeel syn beslach.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)