Ien goeie tip oer izertried op fytspaad Ljouwert

03 jan 2015 - 10:48

Der is oant no ta ien goeie tip binnenkaam by de plysje oer it izertried dat op nijjiersdei oer it Griene Stjerpaad by Ljouwert spand wie. Troch de tried rekke in 34-jierrige frou út Burgum ferwûne. Se foel mei bromfyts op in betonnen pealtsje. Troch de fal rûn se in harsenskodding en ferskate kniezings op.

De plysje ûndersiket de tip. Mear tips binne wolkom.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)