Ien Fryske kandidaat foar VVD

23 mrt 2010 - 18:18

De VVD Fryslân hat Anne-Wil Lucas fan Bakkefean nei foaren ta skood as kandidaat foar de Twadde Keamerferkiezings op 9 juny.

Neffens foarsitter Ger Jaarsma is it wer heech tiid foar in Frysk Twadde Keamerlid foar de partij. De lêste Fryske VVD'er yn de Twadde Keamer wie Annemarie Jorritsma fan Boalsert. Lucas wol har yn de Twadde Keamer benammen dwaande hâlde mei saneamde griene ûnderwerpen. De definitive list wurdt op 31 maart bekend makke.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)