Ien Fries by tennistoernoai

14 jul 2003 - 00:00

Dennis Hageman (14 jier) út Snits is de iennige Fryske dielnimmer oan de Windmill Cup. It tennistoernoai foar jonge talinten is moandei yn Ljouwert begûn.

Mear as 150 spilers tusken de 12 en 14 jier út de hiele wrâld dogge mei oan it toernoai dat ynternasjonaal goed oanskreaun stiet. De Windmill Cup belibbet syn trettjinde edysje dit jier. Hageman hat moandei wûn mei 7-5 en 6-1. Hy giet troch nei de twadde ronde.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)