Ien ferwûne by swiere ekploazje yn Drachtster flat

27 des 2015 - 22:32
  • De ravaazje is grut
  • Nei de eksploazje bruts der brân út.
  • De eksploazje hat foar in grut gat yn de gevel soarge

In eksploazje yn in flat yn Drachten hat foar in ravaazje soarge. It barde sneintejûn op de earste ferdjipping fan in flat oan de Nachtegaalstrjitte. Dêrnei bruts der brân út. Ien persoan is mei brânwûnen nei it sikehûs brocht. Oer syn of har krekte tastân is noch neat bekend. 

De foar- en achterside fan it gebou binne swier skansearre. Mei-inoar ha seker acht wenningen skea oprûn. Bewenners binne opfongen yn in kafee yn de buert. De eigener fan de flat, Accolade, siket ferfangende wenromte foar de dupearren.

Yn de gevel is in grut gat slein, fan de grûn ôf oant en mei de earste ferdjipping. Neffens ferslachjouwer Wytse Vellinga mei it wûnder hjitte dat der net mear minsken ferwûne rekke binne.

De brânwacht is benaud foar ynstoartingsgefaar. Yn de muorren sitte grutte skuorren. It gebou wurdt fan bûten ôf mei in heechwurker ynspektearre. It publyk wurdt dêrom op grutte ôfstân hâlden. Oer de oarsaak fan de eksploazje is noch neat bekend.

Update:

De troffen flat is yn de rin fan de nacht ynstoart. It giet om seis apparteminten. Foar de rest fan it gebou jildt noch hieltiid ynstoartingsgefaar. Njoggen bewenners binne opfongen yn in hotel, oare bewenenrs binne by famylje of freonen opfongen. De gemeente hat in ynformaasjenûmer iepene 0512-581234, minsken kinne dêr mei fragen terjochte.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)