Ien fan de favoriten 39e frouljus PC al útskeakele

19 aug 2015 - 13:11
  • Fenna Zeinstra
  • De winners fan foarich jier komme oan yn Weidum
  • It publyk yn Weidum

Ien fan de favorite partoeren foar de 39e frouljus PC is woansdei oan it begjin fan de middei al útskeakele. It partoer fan Lisette Wagenaar, Leonie van der Graaf en Fenna Zeinstra waard yn de earste omloop mei 5-1 en 6-0 útskeakele troch it partoer fan Rianne Vellinga.

De susters Fenna en Leonie wienen foar de lêste kear op de PC, want se hâlde der mei op. Tegearre wûnen se sân kear de frouljus PC, Leonie fjouwer kear en Fenna trije kear. De susters wienen dan ek emosjoneel nei harren ferlies. Dit wie net it ôfskie dêr't se op hopen.

It publyk hie lykwols ek each foar de moaie karriêres fan de twa froulju. Sy krigen in daverjend applaus nei de wedstriid.

Ferslachjouwer Geert van Tuinen docht de hiele dei ferslach fan de frouljus PC op de radio.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)