Ien doarpsfeest yn Holwert

25 jun 2011 - 10:41
  • Feest yn Holwert

Holwert fiert dit wykein foar it earst meielkoar doarpsfeest. Oant no ta wiene der yn it doarp twa feesten, ien organisearre troch in kristlike en ien troch in iepenbiere feestkommisje.

Ferline jier organisearren beide kommisjes mienskiplik in reüny en dat befoel sa goed dat no ek it doarpsfeest meielkoar hâlden wurdt. Dat feest is in kombinaasje fan de aktiviteiten dy't foarhinne los fan elkoar hâlden waarden.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)