'Ien doarp enerzjy neutraal'

12 jul 2013 - 10:35
  • Enerzjyferbrûk

Ien doarp yn Fryslân moat folslein enerzjy neutraal wurde. De Stichting Energie Neutraal is noch yn oprjochting, mar sprekt no al it foarnimmen út om yn elk fan de trije noardlike provinsjes der foar te soargjen dat in doarp likefolle enerzjy produsearret as dat it brûkt. Om hokker doarp yn Fryslân it giet, wolle de inisjatyfnimmers noch net sizze. De Stichting Energie Neutraal is in gearwurkingsferbân tusken ûnder oare in arsjitekteburo en in buro dat ferbûn is oan de ôfdieling sosjology fan de universiteit fan Grins.

De huzen los fan elkoar enerzjyneutraal meitsje, slagget meastentiids net. As doarpsbewenners goed gearwurkje kin it wol, tinkt Energie Neutraal.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)