Ien ambulânse-organisaasje

24 des 2008 - 09:58

Der moat ien Fryske ambulânse-organisaasje komme. Dat fynt direkteur Van der Kam fan it Antoniussikehûs yn Snits. Hy bringt de eigen ambulânsetsjinst ûnder yn in nije stifting dêr 't ek it Universitêr Medysk Sintrum Grins har by oanslute sil mei de Fryske ambulânses.

Van der Kam wol ek prate mei de twa oare ambulânsetsjinsten yn Fryslân. Neffens him moat der ien organisaasje komme fanwege de oansteande oanbesteging fan it ambulânseferfier.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)