Ielfiskers wolle skeafergoeding

01 nov 2000 - 09:52

De Fryske Iselmarfiskers wolle skeafergoeding fan minister Brinkhorst. It ministeary warskôge in moanne lyn foar dioksine yn Iselmariel, mar neffens de fiskers wie dy warskôging ûnterjochte.

Omdat de fiskers in soad finansjele skea hawwe fan 'e warskôging, fine se dat Brinkhorst no oer de brêge komme moat. Neffens Karel Helder jout Brinkhorst no ek ta dat syn warskôging te betiid wie.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)