Ielaak Heech sneon te wetter

30 mrt 2009 - 09:39

De ielaak dy't yn Heech boud is, wurdt kommende sneon te wetter litten. Der is trijenheal jier wurke oan 'e ikehouten platboaiem. It skip Korneliske Ykes II is makke neffens de boumetoades út de 17e ieu. Doe die Heech goede saken yn de ielfiskerij. De Hegemer fiskers sylden mei libbene iel de Noardsee oer nei Ingelân.

Oant no ta hawwe 17.000 minsken by de bou fan de nije ielaak west te sjen. De bou hat 1,4 miljoen euro koste.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)