'Iederwijs'-skoalle yn Fryslân

07 maaie 2005 - 12:59

Der komt yn de buert fan Ljouwert in partikuliere skoalle mei it ûnderwiis-konsept fan 'Iederwijs'. De skoalle sil yn septimber iepengean. Wêr't de skoalle krekt komt wol de inisjatyfgroep no noch net sizze.

Iederwijs is in ûnderwiiskonsept wêrby't bern sels bepale meie wat se leare wolle en hoe't se dat dwaan wolle. De partikuliere skoalle wurdt finansierd troch âlden fan bern, mar ek troch jeften út it bedriuwslibben.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)