Ie wint Jong Fammepartij

03 jul 2010 - 18:05
  • De susters Sijbrandij waarden twad (foto: Henk Bootsma)

Ie mei de keatsters Klaske de Jong, Sjoukje Visser en Aukje van Kuiken hawwe sneon yn Mantgum de Jong Fammepartij wûn. Yn de finale keatsten se tsjin Boazum mei Sytske Merkes, Nynke en Wiljo Sijbrandij.

Dy finale hat mar in earst duorre. Wiljo Sijbrandij bruts doe nei alle gedachten har pols en koe net fierder keatse. Har maten woene ek net fierder en sa waard Ie reglemintêr winner fan de partij. Tredde prizen wiene der foar Sint Anne en Grins.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)