Idzegea bliid mei tal fûgels

14 jun 2013 - 20:41
  • Skries
  • In krûdich stikje greide foar de fûgels

Trijekwart fan de briedende skriezen yn de Skriezekrite Idzegea hat de piken fleanfluch krigen, sa as it no liket. Der sitte 330 spantsjes skriezen yn it gebiet dat foar it grutste part út agrarysk lân bestiet fan 40 boeren en foar in lytser part út lân fan Steatsboskbehear. De agraryske natoerferiening is hiel bliid mei dit resultaat. It like earst net goed te kommen troch de kâlde maitiid, mar dat luts aardich by. Ek oare fûgelsoarten lykas de ljurk, de tsjirk en in grut ferskaat oan einesoarten profitearre fan it ekstra omtinken.

De Skriezekrite komt mei de sifers op in momint dat der kritysk sjoen wurdt nei it agrarysk natoerbehear troch it Ryk. Mar it greidefûgelbehear yn Noard-Nederlân wurdt troch steatssekretaris Sharon Dijksma sjoen as in foarbyld fan hoe't it al moat.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)