Iduna-frijwilliger nominearre

09 feb 2012 - 19:51

Dirk van de Klooster fan Poppodium Iduna yn Drachten is nominearre foar de ferkiezing Volunteer of the Year 2012, fan it NCRV 3FM-programma Bring it On!. Doel is om poppoadium- en festivalfrijwilligers yn it sintsje te setten. Neffens presentator Sander Guis binne de frijwilligers it klopjend hert fan de poppoadia yn Nederlân. Sûnder har kinne dy eins net funksjonearje.

Oant nije wike snein kinne minsken har stim útbringe op de nominearren foar de priis. De finale is yn maart.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)