Ids Postma wint 500 meter

08 feb 2003 - 00:00

Ids Postma hat de 500 meter wûn op it WK allround yn Göteborg. De Dearsumer hie in tiid fan 36,89 sekonden. Hy wie dêrmei rapper as de Rus Lalenkov en de Kanadees Marshall.

De oare trije Nederlanners rieden reedlik. Mark Tuitert einige as sande. Rintje Ritsma finishte nei 37,67 sekonden en waard dêrmei alfde. Gianni Romme waard santjinde op de iepeningsôfstân foar de manlju yn Sweden.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)