Ids Postma tredde op 1500 meter

16 nov 2003 - 00:00

Hurdrider Ids Postma fan Dearsum is snein tredde wurden op de 1500 meter by de wrâldbekerwedstriden yn it Dútse Erfurt. Hy ried de ôfstân yn 1.47,84. Foaral syn slotronde wie tige sterk.

Mark Tuitert waard mei 1.47,24 earste op dizze ôfstân. Hy festige dêrmei in baanrekord. Erben Wennemars waard twadde yn de Gunda Niemann-Stirnemann Halle. Syn tiid wie 1.47,71. Carl Verheijen waard fjirde, Derek Parra (USA) fyfde en Jochem Uytdehaage sechde.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)