Ids Postma tredde op 1500 m

22 nov 2003 - 00:00

Ids Postma is sneon tredde wurden op de 1500 meter yn de wedstriid om de World Cup yn Thialf. De Rus Lalenkov waard earste yn de tiid fan 1.47,56. Twadde waard Mark Tuitert yn 1.47,84 en tredde dus Ids Postma yn 1.48,42. Erben Wennemars kaam net fierder as in fjirde plak.

Yn it klassemint om de Wrâld Beker stiet Tuitert earste, Wennemars twadde en Lalenkov tredde. Ids Postma moat it dwaan mei it fyfde plak.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)