Ids Postma noch sûnder ploech

29 sep 2004 - 10:22

Woansdei giet de DPA reedridersploech oer yn oare hannen. DPA moast dit jier fjouwer fan de fiif festigings slute en is bliid dat der in oare sponsor fûn is. Ids Postma giet net mei oer. Hy hat noch gjin kontrakt.

De iennichste Fries dy't ea in gouden medalje wûn hat, hat it dizze simmer wat kalmer oan dien. Hy docht wol mei oan it nasjonaal kampioenskip begjin novimber. Pas dan wurdt besjoen oft er wol of net wer yn in ploech komt.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)