Ids Postma: brûns op EK

15 jan 2001 - 13:58

Ids Postma is op it tredde plak einige by it EK reedriden. Troch in formidabele rit op de 10 kilometer passearre 'Belch' Bart Veldkamp him yn it algemien klassemint en pakte sulver nei de Rus Sjepel.

Veldkamp wûn de ôfslutende 10 kilometer yn it Italjaanske Baselga di Pine mei in wrâldrekord op bûtenbanen yn 13:38:72. Postma waard sande op dy ôfstân yn 14:09:74.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)