Ids net nei WK-ôfstannen

05 mrt 2001 - 00:00

Ids Postma hat gjin startbewiis krigen foar it WK ôfstannen, kommend wykein yn Salt Lake City yn Amearika. De karkommisje hat foar de 1500 meter trije oare riders oanwiisd: Rintsje Ritsma, Erben Wennemars en Jeroen Straathof.

Ritsma is as bêste Nederlanner einige yn it klassemint om de wrâldbeker en Straathof hat twa wykeinen goed riden. Wennemars foel mar wie goed op wei.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)