Ids en Anni yn tsjerke troud

14 aug 2010 - 15:13
  • (Foto Omrop Fryslân)
  • (Foto Omrop Fryslân)

Ids Postma en Anni Friesinger binne sneon yn it tsjerkje fan Dearsum troud. It breidspear wie foarich jier augustus al foar de wet troud yn it Eastenrykse Salzburg, it eardere wenplak fan Friesinger.

De âld-reedriders waarden troud troch de mem fan Anni, dy't dûmny is. By it boargerlik houlik joech Friesinger al oan dat foar har de echte plechtichheid yn de tsjerke wêze soe. By de plechtichheid wiene sa'n 80 minsken.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)