Ids en Anni krije berntsje

24 feb 2011 - 13:23
  • Foto: Omrop Fryslân

Ids en Anni krije in poppe. Dat meldt Anni Friesinger op har weblog. It berntsje, it earste fan it reedriderspear út Dearsum, wurdt fan 't simmer ferwachte.

Ids Postma en Anni Friesinger-Postma trouden ôfrûne simmer yn Fryslân. It jier dêrfoar dienen se dat foar de wet yn Eastenryk. Anni skriuwt op har weblog dat sy en Ids 'überglücklich" binne.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)