Ids en Anni grutske âlders

23 aug 2011 - 12:08
  • Ids en Anni op harren troudei

'De berte fan Josephine is weardefoller as alle titels dy't ik by elkoar riden ha'. Dat skriuwt Anni Friesinger op har blog op ynternet. Hast twa wike lyn waard Josephine berne. Dochter fan âld reedriders Ids Postma en Anni Friesinger. It berntsje is berne yn in Dútske klinyk.

Se hawwe in pear dagen yn in famyljekeamer yn alle rêst genietsje kinnen. Neffens Friesinger binne se no wer thús yn Dearsum. De lytse Josephine docht it prima.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)