Identiteit slachtoffers bekend

19 jun 2013 - 15:04
  • It swier ferwûne slachtoffer wurdt nei de traumahelikopter brocht

De plysje hat woansdei de identiteit bekend makke fan de trije manlju dy't omkamen nei in fal yn in silo yn Makkingea. It giet om de soan (26) fan de boer en om twa meiwurkers fan in leanbedriuw; in man fan De Jouwer (29) en in man út Nijlân (42). It slachtoffer dat yn kritike tastân nei it UMCG yn Grins brocht is, is in man út Feanhuzen.

De meiwurkers fan it leanbedriuw wiene dwaande om de dongsilo skjin te meitsjen. Hoe't it koe dat de mannen yn de silo foelen, is noch ûndúdlik. De boer hat noch besocht de manlju út de silo te heljen.

Hy die dat troch der mei in trekker in gat yn te riden, mar dat slagge net. Doe't de brânwacht de silo iepenknipte, wie it al te let.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)