Identiteit lyk St.Nyk ûnbekend

21 jun 2013 - 10:01
  • By it swimplak flak by de A6 waard in deade oantroffen

De plysje hat de identiteit fan it lyk op carpoolplak de Ulesprong by Sint Nyk noch hieltyd net fêststelle kinnen. Dat lit de plysje freed yn in reaksje wite. It ûndersyk yn dizze saak is noch yn folle gong. It lyk waard tongersdeitemoarn troch foarbygongers fûn.

Letter op de dei die bliken dat it slachtoffer yn brân stutsen wie. Dêrtroch is it dreech om de identiteit fêst te stellen. It is ek noch net bekend oft it om in man of in frou giet. De plysje giet út fan in misdriuw.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)