'Identiteit Hearrenfean sterk'

16 okt 2007 - 13:56
  • Riemer van der Velde hat SC Hearrenfean populêr makke yn hiel Fryslân

Sportclub Hearrenfean hat in identiteit dêr't Friezen har folle mear yn fine kinne as yn dy fan Cambuur. Dêrom sprekt Hearrenfean mear oan as Cambuur. Dat is de konklúzje fan wittenskiplik ûndersyk nei de histoarje fan beide klubs.

It wie foaral âld-foarsitter Riemer van der Velde fan SC Hearrenfean dy't de sterke Fryske identiteit mei stâl jûn hat. Cambuur hat him folle minder sterk profilearre.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)