Identiteit fan deade minsken Sânhuzen bekend

10 jan 2016 - 11:06

De identiteit fan de twa deade minsken yn Sânhuzen is bekend. It giet om de 34-jierrige Marja Teekens en har man Frits Houwing, hy wie 41 jier. De plysje hat har identiteit befêstige. It wiene de bewenners fan it hûs.

Sneontemoarn waarden yn it hûs oan de IJkenweg de twa deade minsken fûn. It is net dúdlik wat him yn it hûs ôfspile hat. De plysje hâldt rekken mei in misdriuw en selsdeading. De plysje giet snein fierder mei it ûndersyk.

Boargemaster Gerard van Klaveren fan Weststellingwerf lit witte dat er djip skokt is troch it foarfal.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)