Identiteit deade man bekend

18 feb 2011 - 10:50

De deade man dy't woansdeitejûn fûn waard yn in wenning op It Hearrenfean is in 46-jierrige man út Snits. Dat hat de plysje freed bekendmakke. Op deselde jûn noch binne twa Feansters fan 52 en 55 jier oanhâlden om't se mooglik wat te krijen ha mei de dea fan de man. Tongersdei is ek noch in 29-jierrige Drachtster oanhâlden.

It stoflik omskot fan de Snitser is nei it NFI oerbrocht. Dêr wurdt freed seksje dien om de deadsoarsaak te achterheljen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)