Identiteit deade man bekend

11 feb 2008 - 15:10
  • Op dizze brêge waard de man deasketten (foto Michel van den Berg)
  • Tevfik Igli, it slachtoffer fan 'e sjitpartij

De 41-jierrige Tevfik Igli dy't moandeitemoarn betiid delsketten is yn de Ljouwerter binnenstêd, is de eigner fan in broadsjessaak. Der is troch it rút fan syn auto sketten. De man is út de auto klommen, ambulânsemeiwurkers ha noch besocht him te reanimearjen.

It slachtoffer is in Ljouwerter ûndernimmer. De man is eigner fan broadsjessaak Turquoise op it Ruiterskwartier. Hy ried yn in auto fan 'e saak doe't er deasketten waard.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)