Identiteit deade man bekend

20 jan 2014 - 21:06

De identiteit fan de man dy't ferline wike mei in stellen buske yn Drachten it wetter ynried, is bekend. It giet om in 36-jierrige ynwenner fan Sâltkamp. Hy hie it buske stellen by in ierappelhanneler yn Winsum yn Grinslân. By de Loswâl yn Drachten ried de man it wetter yn, wêrnei't er stoar.

De plysje publisearre moandei foto's fan de man om der sa achter te kommen wa't er wie. Famyljeleden hawwe de man werkend.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)