Identiteit deade frou bekend

14 nov 2013 - 11:37

It stoflik omskot dat de plysje woansdei yn in hûs oan de Roptastate yn de Ljouwerter wyk Camminghabuorren fûn hat, is fan de bewenster. Der is gjin misdriuw yn it spul.

De plysje wie it hûs yngien, om't der al in pear dagen gjin aktiviteit by it hûs fernaam wie. It lichem is frijjûn en de plysje hat it ûndersyk ôfsletten.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)