Idee foar ynfosite foar minima

06 nov 2006 - 15:53

Minima yn Ljouwert moatte in spesjale ynternetside krije dêr't se op sjen kinne wêr't se rjocht op hawwe. Dat wolle de riedsfraksjes fan de PvdA, VVD en SP. De partijen tsjinje moandei in moasje yn mei dy strekking.

Minsken mei in lytse ponge witte faak net wat se krije kinne oan gemeentlike talagen. Yn hiel Nederlân is ien gemeente dy't al sa'n site hat: Goorl by Tilburg. Dêr is it tal oanfragen mei de webside bot tanommen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)