'Idee De Rouwe net nij'

02 des 2008 - 11:41

CDA-Twadde Keamerlid Sander_de_Rouwe syn oplossing foar it behâld fan doarpssupermerken bestiet al lang. Der is al in Fryske doarpswinkel dy´t yn hannen is fan ´e eigen befolking, seit direkteur Nutma fan Stifting Doarpswurk yn Raerd.

De Rouwe kaam op in CDA-gearkomste yn Bûtenpost mei it idee dat ynwenners oandielen nimme kinne yn ´e winkel. Hy warskôge ek foar konkurrinsje. Mar der binne genôch foarbylden fan doarpen dy´t wol goed gearwurkje, seit Nutma.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)