'ID-kaart moat fergoede wurde'

17 jan 2005 - 12:06

Minsken mei in minimumynkommen moatte de oanskaf fan in ID-kaart fergoede krije. Dat wol de fraksje fan Pal/Groenlinks yn de ried fan Ljouwert. De partij fynt dat de identifikaasjeplicht in ekstra drompel is om út in sosjaal isolemint te kommen.

Foar minsken mei in leech ynkommen binne de kosten fan in ID-kaart faak te heech, foaral as se in gesin ha. Hof van Twente is de earste gemeente dy't de ID-kaart fergoedet.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)