ICT op Bedriuwekontaktdagen

12 mrt 2003 - 00:00

Op de Bedriuwekontaktdagen yn Ljouwert presintearje 17 Fryske ict-bedriuwen har ûnder ien dak. It is foar it earst dat de bedriuwen mei elkoar te finen binne op de beurs yn it FEC.

De feriening is fjouwer jier lyn oprjochte en wol him op profesjonele wize sjen litte. De 20ste beurs dy't tiisdei begûn en woansdei noch duorret is foar de feriening in oefening. Se steane heal april ek ûnder ien dak op de grutte ict-beurs yn Amsterdam.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)