ICT-learstoel yn Ljouwert?

09 des 2003 - 00:00

By de hegeskoallen yn Ljouwert komt mooglik in learstoel foar ICT. Dat wolle de provinsje, it bedriuwslibben en de ûnderwiisynstellings. It soe in primeur wêze yn Nederlân.

De learstoel is nedich om de achterstân dy't Fryslân hat op it gebiet fan bygelyks ynternet, yn in foarsprong om te bûgjen. Neffens deputearre Bijman moat der in kennistransfer komme tusken de hegeskoallen en it bedriuwslibben yn Fryslân.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)