Ichtustsjerke wurdt ferboud

11 jan 2013 - 10:22

De gemeente Súdwest-Fryslân is akkoart mei de ferbouwingsplannen fan de Ichtustsjerke yn Snits ta in Thomashûs. De gemeente hat dizze wike in boufergunning ôfjûn foar it monumintale gebou oan de Jan van Nassaustrjitte. De Ichtustsjerke is boud yn 1959, mar stiet al seis jier leech. De ruten en doarren binne tichtspikere.

Yn de nije sitewaasje komt der plak foar acht minsken mei in ferstanlike hendikep. Yn de rin fan dit jier soe de ferbouwing ta Thomashûs klear wêze moatte.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)