Iceman brekt eigen rekord

08 aug 2007 - 17:33
  • The Iceman: oant de holle ta yn it iis....

Wim Hof, alias The Iceman, hat woansdei yn Snits syn eigen wrâldrekord iissitten ferbrutsen. Hof hat 1 oere en 11 minuten yn in grutte bak mei iisblokjes sitten. Dat is in minút langer as syn âlde rekord.

The Iceman giet wol mear ekstreme útdagingen oan yn de kjeld. Sa is er ûnder it poaliis trochswommen, stie er sawat bleat op de Mount Everest en hat er op bleate fuotten in heale maraton rûn yn Finlân.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)