Icedôme wol petear mei KNSB

28 maaie 2013 - 16:46
  • In ympresje fan it fernijde Thialf mei 2 400 meter banen

Konsortium Icedôme Almere wol op koarte termyn in petear mei de KNSB en NOC*NSF. It team achter de Icedôme wol mear dúdlikheid hawwe oer it beslút fan de KNSB om de úteinlike kar foar de nije topsportiisbaan út te stellen oant augustus.

Neffens it konsortium binne de plannen foar de Icedôme op in goeie wize ta stân kaam en is der in gearwurking mei betroubere partners. Se binne it der net mei iens dat KNSB en NOC*NSF ôfwike fan de ôfprate proseduere. Takom wike wurdt Icedôme Almere offisjeel oan publyk en parse presintearre.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)