Icedôme krijt foarkar KNSB

26 jul 2013 - 08:51
  • Untwerp fan Icedôme
  • Inisjatyfnimmer Folkert Buiter fan Icedôme

De KNSB en NOC*NSF hawwe besletten dat Icedôme Almere it topsportreedrydsintrum wurdt mei yngong fan seizoen 2016-2017. Njonken it treningssintrum foar langebaanriden, keunstriden, shorttrack en inline-skaten krijt Icedôme ien ynternasjonale ISU-wedstriid. De oare wedstriden kinne ek organisearre wurde yn Thialf of yn TranSportium Zoetermeer. NOC*NSF en KNSB sille yn gearwurking mei Icedôme Almere de foarriedige gunning útwurkje ta in kontrakt.

It giet om in foarriedich beslút, dêr't ferskate betingsten oan ferbûn binne.

Thialf Heerenveen en TranSportium hawwe in wike de tiid om tsjin de foarriedige gunning yn berop te gean. De provinsje Fryslân neamt it beslút fan de KNSB yn in earste reaksje 'in histoaryske flater'. De provinsje Fryslân komt letter op de dei mei in mear wiidweidige reaksje.

De KNSB-foarsitter Doekle Terpstra is fan doel om 'earne yn augustus' de leden út te lizzen wêrom't foar Almere keazen is. De ôfrûne wike sprutsen ferskate KNSB-gewesten har út tsjin in mooglike kar foar Almere.

.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)