ICCU net nei It Hearrenfean

23 mrt 2004 - 00:00

De produksje fan de ICCU komt net nei It Hearrenfean. De gemeente rint dêrtroch sa'n fyftich arbeidsplakken mis. It bedriuw woe út Haarlem wei ferhúzje nei it gebou fan SCI. Dat stiet leech mar it kompjûterfabryk woe net ferkeapje.

De ICCU is in soarte fan akku dêr't goedkeape nachtstroom yn opslein wurde kin. It bedriuw siket fierder om in geskikt gebou. Mooglik slagget dat yn Stienwyk.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)