Ibad Muhamadu giet nei MVV

11 jun 2004 - 00:00

Cambuur-fuotballer Ibad Muhamadu spilet it kommende seizoen foar MVV út Maastricht. De 22-jierrige oanfaller hat mei de Limburchske fuotbalklup in mûnling akkoart sletten oer in kontrakt foar trije jier.

Cambuur hierde Muhamadu it ôfrûne seizoen fan FC Twente út Enschede. Muhamadu hat meiinoar 21 wedstriden foar Cambuur spile. Yn dy wedstriden makke er fjouwer goals.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)