HZPC nimt Finsk bedriuw oer

27 sep 2012 - 15:59

Ierpelhannelshûs HZPC Holland fan De Jouwer hat de poatierpelaktiviteiten fan it Finske bedriuw Kantaperuna oernaam. It bedriuw hat in grut merkoandiel yn Finlân en eksportearret in soad nei lannen yn Europa. HZPC wol mei de oername de eksport fan poaters nei Ruslân op peil hâlde en de aktiviteiten yn Finlân fierder útwreidzje. Hoefolle at der betelle is wurdt net bekend makke.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)