HZPC: bêste jier oait draaid

12 okt 2014 - 14:54

Ierappelhanneler HZPC hat syn bêste jier oait achter de rêch. De nettowinst fan it bedriuw op 'e Jouwer berikte in rekôrhichte fan 9,2 miljoen euro. Dat komt ûnder oare troch in meifaller fan de belesting. \

De ierappelbranche hat it op dit stuit swier. Troch de Russyske boykot kinne hannelers net hannelje mei de Russen en de striid yn it Midden Easten makket hanneljen mei minsken dêr ek lestiger. HZPC is noch altyd yn ûnderhanneling mei Ruslân en hat goede hoop dat de boykot binnen no en in pear moanne opheft wurdt foar it ierappelbedriuw.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)