Hypoteekrinte-ôftrek mei sakje

01 sep 2012 - 10:42
  • Hûs te keap

Trijekoart fan de Friezen fynt dat wat dien wurde moat oan de hypoteekrinte-ôftrek. Dat docht bliken út in enkête fan Een Vandaag en Omrop Fryslân. 56 prosint fan de dielnimmers fynt dat it belestingfoardiel foar huzebesitters omleech moat, 22 prosint fynt dat it op termyn hielendal ôfskaft wurde moat. Goed 40 prosint dêrfan wol dat de feroaring allinne foar nije hypoteken jildt, hast 50 prosint fynt dat ek besteande hypoteken derûnder falle moatte.

Oan de enkête dienen goed 1100 Friezen mei.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)