Hypoteekrinte giet omheech

17 nov 2005 - 16:58

De Frieslandbank hat tongersdei de hypoteekrinte ferhege. It giet om de rinte foar hypoteken mei in rintiid oant en mei sân jier. It fiifjierstaryf komt bygelyks op 3,7 persint. It taryf foar minsken dy't foar tsien jier in hypoteek fêstsette wolle, bliuwt gelyk.

De lêste dagen ferheegje mear banken de hypoteekrinte. Dat komt troch de stigingen op de jild- en kapitaalmerk. De hûzeprizen binne yn de moanne oktober nei ûnderen gien.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)