Hypoteekhâlders yn problemen

22 feb 2013 - 11:14
  • Ljouwert (hjir op argyffoto)

It tal Friezen mei in betellingsefterstân op de hypoteek is it ôfrûne jier mei in fjirde tanaam. Dêrmei folget Fryslân de lanlike trend. Hieltyd faker komme minsken by de skuldhelpferlening fan de Nederlânske Kredytbank telâne. Dy besiket dan tegearre mei de bank ta in oplossing te kommen, mar neffens Harry Dilg fan de kredytbank wurdt dat wol hieltyd dreger.

Ut sifers fan kredytregistraasjeburo BKR docht bliken dat de problemen mei skulden yn Fryslân it grutst binne yn Ljouwert. Dêr hat mear as 10% in betellingsefterstân.

Op Skylge en Flylân sit tusken de 6% en de 8% fan de húshâldens yn de problemen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)