Hynstespektakel yn Drachten liket súkses te wurden

22 jan 2015 - 17:21
  • In lúkse hynstekarre op it konkoers yn Drachten

It Ynternasjonaal Konkoers Noard Nederlân yn Drachten liket in grut súkses te wurden. It hynste-evenemint sette op 9 jannewaris útein en sit no yn de lêste wike. Dat betsjut dat topruters lykas Jeroen Dubbeldam - wrâld- en olympysk kampioen - mei harren tophynders nei Drachten komme.

It ynternasjonale konkoers wurdt foar it fjirde jier yn Drachten hâlden. De organisaasje is tige te sprekken oer it besikersoantal en de omset. Snein ride de springruters om de Grutte Priis. Dan ferwachtet de organisaasje in útferkocht Fries Congrescentrum.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)