Hynsterêdsters Held fan 2006?

20 des 2006 - 15:40

De hynsterydsters dy't de hynders fan it Noarderleech by Marrum meitsje kâns op 'e titel 'Held van Nederland'. Dy wedstriid wurdt organisearre troch de Telegraaf yn 'e mande mei televyzjestjoerder SBS6.

Op 'e webside fan De Telegraaf kinne minsken filmkes fan de fiif kandidaten besjen en stimme op harren favoryt. Oan 'e ein fan it jier wurdt bekend makke wa't de held fan 2006 is of binne.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)